

Zaterdag 28 maart
Lemmer, Theater de Hege Fonnen
20 uur
RemoliNo wurdt foarme troch Herman Peenstra, Carel van Leeuwen en Marcel Prins, trije fryske muzikanten dy”t de wrâldmuzyk opsûgje en harren eigen draai dêr oan jouwe. It binne ambachtelike muzikanten, dy’t master binne op ferskate ynstruminten en soargje foar in muzyk dy’t dûnset en draait, mar soms ek hiel mankelyk en dreamerich is.
Hja nimme de harkers mei op reis fan in Bulgaarsk plein dêr’t dûnsers harren útlibje yn ûnregelmjittige metryske dûnsen oant yn Finlân.
Dizze tradysjonele folksmuzyk dy’t rjocht út it hert komt hat ek altyd in ynspiraasje west foar Doede Veeman, dy’t dan ek gauris jiddyske, ierske, skotse of sigeunerwyskes brûkt foar syn lieten. Lykwols binne syn teksten aktueel en frysk, it giet oer fan alles wat der yn it deistige wâldfryske libben op syn paad komt. Hy spilet dêrby op ferskate ynstruminten.
Yn dit gearwurkingsprogram “WrâldfrysK” docht bliken dat fryske lieten en wrâldmuzyk hiel goed by elkoar passe en soms ek folslein yn inoar oer gean kinne: wy friezen binne ek ommers mar in folkje tusken de oare folken.
Nog geen Reacties/PingBacks op dit artikel ...